Van der Ende wint op Ids van der Ende Partij 2014!
Anno 2014 giet it allegear krekt wat oars. Mar it idee fan Ids van der Ende libbet noch steeds. Mei emailtsjes, Whatsappkes en tillefoantsjes wurdt elts benadere om oan disse partij mei te dwaan. Sadwaande stienen der juster ek 30 minsken op papier! It hichtepunt fan KF Jacob Klaver dit jier! Hulde! Mei twa Van der Ende's en twa oantroude Van der Ende's wienen der fjouwer offaardigden fan Bakker Ids. It lot wie geunstich die bliken foar de famylje, want yn'e senioarenklassse (ja, mei safolle minsken kin der yn twa klassen keatst wurde) gie de finale tusken twa Van der Ende's. Soan Gosse van der Ende mei Jehannes Arendz (de echte senioaren) tsjin Rutger Fopma, pakesizzer Lyssa van der Ende en Jolt van der Veen. Mei ek noch in Van der Ende op de bank (dochter Lysbeth van der Ende) en Hedwich Stienstra yn'e finale fan de ferliezers wie hast alle famylje yn'e priizen. Yn de junioarenklasse waard mei fjouwer petoeren poultsje keatst. Gjalt de Groot en Wisse Arendz wunen hjir alle trije de wedstryden en gienen sadwaande mei de krans nei hús. Om de twadde priis waard striiden troch twa petoeren. Jente Muller en Reinder Bonekamp kamen krekt wat sterker út de striid. Al mei al in tige slagge dei, moai waar, leuke keatserij en in geselliche neisit! Allegear oant oare wike mei de Lytse PC en it alder-bernkeatsen! Útslach: Junioarenklasse: 1e: Wisse Arendz en Gjalt de Groot 2e: Reinder Bonekamp en Jente Muller Senioarenklasse: 1e: Rutger Fopma, Lyssa van der Ende en Jolt van der Veen 2e: Gosse van der Ende en Jehannes Arendz 3e: Libbe Poppema en Hedwich Stienstra
Geplaatst op 08 September 2014